Freed 16 novimber wie de cd presentaasje fan myn nije cd ‘Moarn’ yn de Pleats yn Burgum. Mear as 100 besikers wiene tsjûge fan dizze presentaasje. It wie in grut súkses. Tegearre mei myn muzykfreonen fan Un-Till ha ik alle nûmers fan de nije cd songen. Foar it publyk wie it in moaie, ôfwikseljende jûn. Om healwei njoggenen stiene wy klear. Ús jongste soan Andries hiet alle minsken wolkom en doe koe de muzyk begjinne. Mei in oantal Ingelske lieten setten wy útein. Dêrnei waard de earste cd offisjeel útrikt oan Roel Slofstra. Hy wie hjir tige mei ynnaam en spruts moaie wurden. De jûn waard ferfolge mei allegearre Fryske lieten fan myn eigen hân. Dan wer spile ik sels, dan wer wie de begelieding yn hannen fan Un-Till. Foar mei wie it tige bysûnder om in pear nûmers, werûnder ‘Hjerstljocht’ en ‘It Doarp’ mei pianobegelieding te sjongen. Jelle Visser hie hjirfoar prachtige arranzjeminten makke. Yn it skoft waarden al in moai soad cd’s ferkocht en ha ik ferskate handtekens set. Ik fielte mei al in echte artyst. It wie al nei alven doe’t der in ein kaam oan dit konsert. Tige tank foar de protte moaie reaksjes dy’t ik op de jûn sels mar ek letter noch krige fia de mail. Ek myn tank oan Un-Till (Till Zuidema, Ineke Wiebing, Teake Greidanus, Willeke de Vries-Greidanus en Jelle Visser) Fansels is in wurd fan tank ek op syn plak foar Piet de Vries dy’t it lûd die, foar de froulju dy’t de cd ferkeap diene en foar sweager Hans Kooistra dy’t filme en fotoknipt hat. Ik kin net oars as tankber wêze foar dizze slagge presentaasje.