6 septimber Willedei yn Wijnjewoude

Dit jier sil ik foar de tredde kear meidwaan oan de Willedei yn Wijnjewoude. In prachtich strjitfestival dêr’t faak in soad folk op ôf komt. Ik sil net allinne spylje want in nim myn muzikale neef Jelle Visser mei. Jelle wennet op’e Tynje en is ‘multi-ynstrumentalist’. Hy spilet oargel, piano, keyboard, basgitaar, saxofoon en noch mear. Op de Willedei sil hy foaral as bassist optrede. Tegearre hawwe wy in soad wille oan it meitsjen fan musyk en optrede dogge wy fansels ek graach. Wy ha, om sa mar te sizzen, no al wille oan de Willedei. Kom oop 6 septimber nei de Willedei om nei ús en ek nei oaren te harkjen.

Optrede op Brommels!

Op 23 en 24 augustus is it Brommels! Brommels is it ‘Wâldpyk bramenfestijn’. Op ferskate plakken yn’e Wâlden binne allegearre aktiviteiten. Sa is der yn Jistrum fan alles te dwaan by theetuin ‘De Ikkers’ en yn de Jakobstuin, beide oan de Tillewei yn Jistrum. Op saterdei 23 augustus spylje ik op beide plakken yn de tún. Sa kinne jo, njonken de Brommels aktiviteiten, ek harkje nei myn lietsjes. Wit jo wolkom op Brommels!

Sjoch foar mear ynformaasje op www.brommelsfestijn.nu

 

Optredens

De ôfrûne wiken wie it nochal drok dat ik bin wat efterop rekke mei de site.  It is wol aardich om efkes troch te jaan wêr’t ik west bin te spyljen en wêr’t ik de kommende tiid noch ferwachte wurd:

13 april: optrede yn Old Dutch (De Westereen) mei muzykferiening ‘Ons Genoegen’ op it donateurskonsert. Tige slagge!

19 april: optrede yn Koatstertille by it konsert fan it Herfoarme Tsjerkekoar. Ek hjir in moaie jûn mei noflik publyk

11 maaie:  spylje mei Till en Ineke op it muziekevenement fan de Reuzedei yn Akkrum. De jûns tusken 19.30 en 21.30 oere. Iepenloft oan it wetter.

29 juny: spylje op de ‘Keunstdei’ yn Beetstersweach. Oere en tiid noch net bekend.

31 augustus: Brummeldei yn Jistrum. Optredens op lokaasjes yn it doarp

 

Melle yn ‘Noardewyn’ fan Omrop Fryslân

Kommende tongersdei 14 febrewaris tusken 14.30 en 15.00 oere sil Wim Brons yn it radoprogramma ‘Noardewyn’ omtinken jaan oan myn nije cd ‘Moarn’. Sels sil ik ek ôfreizgje nei de studio om Wim te wurd te stean. Tige aardich dat it sa moai trochgiet mei de cd. Minsken dy’t it hearre en graach de cd keapje wolle; stjoer in mail en ik soargje dat jo de cd thússtjoerd krije.

‘Moarn’ favoryt yn Froskepôle

Kommende wike (28 jan. – 1 febr.) is myn cd ‘Moarn’  de Froskepôle Favoryt yn it radioprogramma fan Gurbe Douwstra. Eltse jûn sil hy in liet fan de cd hearre litte. In ekstra reden dus om te harkjen nei Radio Froskepôle tusken 18.10 en 19.00 oere op Omrop Fryslân.

cd presentaasje grut súkses

Freed 16 novimber wie de cd presentaasje fan myn nije cd ‘Moarn’ yn de Pleats yn Burgum. Mear as 100 besikers wiene tsjûge fan dizze presentaasje. It wie in grut súkses. Tegearre mei myn muzykfreonen fan Un-Till ha ik alle nûmers fan de nije cd songen. Foar it publyk wie it in moaie, ôfwikseljende jûn. Om healwei njoggenen stiene wy klear. Ús jongste soan Andries hiet alle minsken wolkom en doe koe de muzyk begjinne. Mei in oantal Ingelske lieten setten wy útein. Dêrnei waard de earste cd offisjeel útrikt oan Roel Slofstra. Hy wie hjir tige mei ynnaam en spruts moaie wurden. De jûn waard ferfolge mei allegearre Fryske lieten fan myn eigen hân. Dan wer spile ik sels, dan wer wie de begelieding yn hannen fan Un-Till. Foar mei wie it tige bysûnder om in pear nûmers, werûnder ‘Hjerstljocht’ en ‘It Doarp’ mei pianobegelieding te sjongen. Jelle Visser hie hjirfoar prachtige arranzjeminten makke. Yn it skoft waarden al in moai soad cd’s ferkocht en ha ik ferskate handtekens set. Ik fielte mei al in echte artyst. It wie al nei alven doe’t der in ein kaam oan dit konsert. Tige tank foar de protte moaie reaksjes dy’t ik op de jûn sels mar ek letter noch krige fia de mail. Ek myn tank oan Un-Till (Till Zuidema, Ineke Wiebing, Teake Greidanus, Willeke de Vries-Greidanus en Jelle Visser) Fansels is in wurd fan tank ek op syn plak foar Piet de Vries dy’t it lûd die, foar de froulju dy’t de cd ferkeap diene en foar sweager Hans Kooistra dy’t filme en fotoknipt hat. Ik kin net oars as tankber wêze foar dizze slagge presentaasje.

Foto’s CD Presentaasje

 

Melle yn Froskepôle by Gurbe Douwstra

Woansdei 14 novimber sil Melle optrede yn it programma ‘Froskepôle’ op Omrop Fryslân. De útstjoering begjint om 18.10 oere.

Hy sil live in oantal nûmers spylje en fansels komt yn in fraachpertear mei Gurbe Douwstra de nije cd en de presentaasje dêrfan oan bar.

Wolkom op myn webside!

It hat in hiel skoft duorre mar no is it safier; ik haw, my help fan myn soan, sels in webside. Ik bin fan doel jimme op dizze wize op’e hichte te hâlden fan myn musyk aktiviteiten. Sjoch derom mar mei regelmaat op dizze side. Jimme binne wolkom.

Foto’s